Utbrander foar stuntfleaners

16 jun 2006 - 14:06

It Amerikaanse stuntteam de Blue Angels hat tongersdei op de lêste dei foar de iepen dagen by de fleanbasis foar in soad klachten soarge. De Amerikanen fleagen tsjin de regels yn oer Ljouwert en ek noch ris te leech.

It kaam de fleaners op in stevich petear te stean mei de kommandant fan de fleanbasis. Neffens de basis hie de flater te krijen mei ûnbekenheid mei de omjouwing en de leechhingjende bewolking.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)