1,5 jier sel easke tsjin MMM-lid

© Omrop Fryslân
Oardel jier sel, wêrfan acht moanne op betingst. Dat is de eask fan it Iepenbier Ministearje tongersdei tsjin in lid fan de Ljouwerter jeugdbinde The Money Making Machine. De jongeman (18) wurdt ûnder oare fertocht fan mishanneling, ferskate ynbraken en hannel yn drugs.
Woansdei melde justysje dat acht leden fan de binde oppakt binne. Tongersdei stie de earste dêrfan, de klokkelieder, foar de rjochtbank.