Beweechwike yn Smellingerlân

16 jun 2006 - 13:05

Honkbal, rugby, badminton en sels dûke, it kin dizze wike allegear yn Drachten. It is nammentlik 'beweechwike' yn Smellingerlân. Undernimmers en sportferienings besykje om mear minsken oan it sporten te krijen.

Yn it Frysk Kongressintrum binne proeflessen sadat bern mei ferskate sporten yn de kunde komme kinne. 350 bern fan basisskoalle De Meander wiene dêr tongersdei te gast.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)