P. Jelles kandidaat boupriis

16 jun 2006 - 12:04

De dependâns De Manege fan skoallemienskip Piter Jelles yn Ljouwert is nominearre foar de 'Scholenbouwprijs' 2006. Dizze priis fan it ministearje fan ûnderwiis is bedoeld foar nijbou-, ferbou- en renovaasjeprojekten fan skoallen.

De Manege is mei noch njoggen oare bouprojekten keazen út 159 ynstjoerings. It gebou is in monumint en wie earder yn gebrûk as maneezje fan de Keninklike Maresjaussee.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)