Fermiste jonge wer terjochte
De 14-jierrige Stefan Brandsma út Wolvegea is wer terjochte. De jonge wie sûnt woansdeitenacht spoarleas, hy wie oerstjoer fan hûs fuortrûn. '
De plysje hat tongersdei in grutte sykaksje op tou set. Tongersdeitejûn waard de jonge yn syn wenplak Wolvegea weromfûn. Hy is doe werombrocht nei syn heit en mem.