Baas boppe Baas op BVN

© Omrop Fryslân
Wa't fan it simmer op syn of har fakânsje-adres yn it bûtenlân net sûnder de omrop kin, kin ôfstimme op BVN (de 'Beste van Vlaanderen en Nederland'), de publike televyzjestjoerder foar Nederlânsktaligen yn it bûtenlân.
De earste 24 ôfleveringen fan Baas boppe Baas, dy't earder op Nederlân 1 te sjen wiene, wurde fan it simmer fertoand op BVN. Ek de sneins- programma's binne op BVN te sjen.