Konteners ûnder de grûn

15 jun 2006 - 22:04

Smoargens op it terrein fan Sportstad Heerenveen wurdt tenei ynsammele yn konteners ûnder de grûn. Woansdei ûntbleatet wethâlder Buwalda fan Hearrenfean de earste ûndergrûnse ôffalbak.

De konteners binne spesjaal ûntwikkele om it probleem fan smoarfolle ôffalbakken oan te pakken. Der kin folle mear yn as yn reguliere bakken. Der komme ek sokke konteners foar de bedriuwen yn it stadiongebiet.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)