MMM-binde opmerklik foar Noarden

15 jun 2006 - 21:52

In kriminele groep jongeren lykas The Money Making Machine is opmerklik foar it Noarden. Dat seit Martin Sitalsing, spesjalist fan de lanlike plysje as it giet om jeugdkriminaliteit. Sitalsing hat ûndersyk dien nei alle jeugdbindes yn Nederlân, ek dy yn Ljouwert.

De leden fan The Money Making Machine wolle jild om hannen ha. Dêrfoar brekke se yn en stelle se út winkels. Acht leden fan de binde waarden fannewike oppakt troch de plysje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)