Ekstra bussen yn de spits

© Omrop Fryslân
Ferfiersbedriuw Arriva set sûnt fannewike ekstra bussen yn, njonken in tal spitstreinen. De treinen fan Arriva ha hieltiten faker lêst fan defekten, omdat se ferâldere binne. Dêrtroch wurde oare treinen foller en binne der te min sitplakken.
Omdat de nije treinen fan Arriva net earder as yn oktober begjinne te riden, set it ferfiersbedriuw dêrom no earst bussen yn. It giet foarlopich om in proef fan twa wiken.