Flessepost nei acht jier fûn

© Omrop Fryslân
De 17-jierrige Anke Lia Struiksma fan Suwâld hie der eins net mear op rekkene, mar dizze wike kaam der ynienen in reaksje op in brief dy't se yn 1998 skreaun hie. Se hie de brief yn in flesse by Akkrum yn it wetter smiten.
Anke Lia en har heit moasten har tongersdeitemiddei op it provinsjehûs melde. In baggerploech fan de provinsje hat de flesse by de Foanejachtsbrêge boppe wetter helle.