Oanhâldings oerfal Ychtenbrêge

15 jun 2006 - 18:06

De plysje hat twa minsken oanhâlden dy't fertocht wurde fan de gewelddiedige oerfal op in 63-jierrige man yn Ychtenbrêge. It giet om twa manlju fan 18 en 30 jier âld. De fertochten ha in bekentenis ôflein.

De 18-jierrige jonge hat yn it hûs fan it slachtoffer ynbrutsen. Dat die er tegearre mei in persoan nei wa't de plysje noch op syk is. De twadde fertochte holp de twa jonges as sjauffeur. De manlju sitte noch fêst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)