Helikoptertafersjoch fleanshow

15 jun 2006 - 17:07

De plysje sil freed en sneon yn ferbân mei de iepen dagen fan de fleanbasis mei in helikopter it ferkear yn de gaten hâlde. Bylden fan de situaasje yn en om Ljouwert binne yn de meldkeamer fan de plysje rjochtstreeks te sjen.

By de iepen dagen wurdt sawat 400.000 minsken ferwachte. Ferfiersmaatskippij Connexxion sil de besikers mei bussen fan en nei de fleanbasis ferfiere.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)