Litouske spiler foar de Flyers

© Omrop Fryslân
IIshockeyclub Vadeko Flyers hat in nije spiler oanlutsen. It giet om Darius Pliskauskas út Litouwen. Pliskauskas is 26 jier en spile de lêste trije jier as oanfaller yn Letlân. Hy spile dêr tegearre mei keeper Aleinikovas dy't takom jier ek op it Hearrenfean spilet.
De Flyers ha no twa spilers oanlutsen. Earder waard bekend dat Nijland, Van der Holst, Landman, Kratky, Palmiscno, Kroon en Simo fuortgeane.