Kongressintrum net út problemen

© Omrop Fryslân
It Frysk Kongressintrum yn Drachten is noch net út de reade sifers. Sûnt begjin dit jier meie der yn it eardere hynstesintrum 12 eveneminten it jier plakfine, dy't neat mei hynders te krijen ha. Dat is lykwols net genôch om it sintrum rendabel te meitsjen.
De útwreiding moat socht wurde yn hynste-aktiviteiten. Direkteur Minne Dolstra is dêrom yn petear mei organisaasjes fan oare hynsterassen as it Frysk hynder.