Turnkamp op Aruba

© Omrop Fryslân
Trije studinten fan it CIOS op It Hearrenfean sil takom moanne nei Aruba ta om dêr in turnkamp te organisearjen. Se dogge dat yn 'e mande mei twa treners en in dosint.
It turnkamp duorret twa wiken en is bedoeld foar alle turners en treners op it eilân. Yn dy twa wiken kinne de Arubanen yn de kunde komme mei de Nederlânske wize fan turnjen. Ek wurde nije turntastellen fan Sportstêd Hearrenfean meinaam om te testen.