Sânwinput Mildaam mei útwreidzje

15 jun 2006 - 11:55

In sânwinput by Mildaam mei dochs flink útwreidzje. It wetterskip sil de put brûke foar de opfang fan wetter út de Tjonger. Eins moast de eigner oer in pear jier al ophâlde mei it winnen fan sân, om't net dúdlik wie wat der op lange termyn mei de sânput barre soe.

No't it wetterskip de put brûke sil, is dy dúdlikheid der wol en mei de eigner nei alle gedachten noch 10 oant 15 jier graven bliuwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)