Man (29) agressyf yn plysjewein

15 jun 2006 - 11:43

In Ljouwerter (29) hat tiisdeitejûn yn in plysje-auto amok makke. Hy hie in fyts stellen by it swimbad yn Gytsjerk. De plysje sloech him op de Canterlânskewei yn de boeien.

Hy moast mei yn de plysje-auto. Mar de man waard lilk doe't er te hearren krige dat er in nacht yn de sel bliuwe moast. Hy sloech de plysjes en begûn it ynterieur fan de auto en de apparatuer te fernielen. Ien fan de plysjes moast nei de dokter.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)