Enerzjy besparje op 't Fean

© Omrop Fryslân
Skoallen en bedriuwen yn de gemeente Hearrenfean kinne 15% op de enerzjyrekken besparje. Dat kin mei in spesjaal projekt fan de gemeente. Mei ferskate yngrepen kin de sintrale ferwaarming yn grutte gebouwen sa ynregele wurde dat de temperatuer oeral yn it gebou itselde is. De oanpassings kostet de bedriuwen earst wol 2000 euro, mar de gemeente seit dat dat yn in pear moannen tiid weromfertsjinne is.