Van der Burg tredde yn Annen

© Omrop Fryslân
Hurdfytser Germ van der Burg fan Folsgeare is tredde wurden yn it kritearium de Acht fan Annen. Van der Burg gong der nei twadde rondes al fantroch mei Lieuwe Westra fan Mûnein. Uteinlik kaam der in kopgroep fan seis man mei de Friezen Van der Burg en Jan-Hendrik Westra.
Yn de einsprint pakte Marco Bos de oerwinning. Van der Burg pakte mei in fytslingte efterstân it tredde plak. Jan-Hendrik Westra waard fyfde.