Effisjintere kontrôle Snits

15 jun 2006 - 10:09

Snits wol de kontrôle op it neilibjen fan regels better koördinearje. It giet om fergunnings dy't de gemeente oan bedriuwen, ynstellings en boargers jout. Nei it ôfjaan moat besjoen wurde oft ûntfangers har der ek oan hâlde.

By dy kontrôles binne besykjes fan amtners nedich, op ferskate tydstippen. Dat moat oars, fynt de gemeente. It stribjen is om ien amtner te stjoeren dy't alle fergunnings fan ien kliïnt tagelyk neisjocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)