Fryske argiven yn trek
Hieltyd mear minsken hawwe belangstelling foar de ferskate Fryske argiven op ynternet. De digitale argyfwebside www.friesarchiefnet.nl luts ferline jier hast 130.000 besikers: 55.000 mear as yn 2004.
Op de webside binne ûnder mear de argiven te sjen fan de provinsje sels, mar ek dy fan de 31 Fryske gemeenten, wetterskippen en Tresoar. Neffens deputearre Mulder moatte der noch wol saken ferbettere wurde.