Wiete natuer yn Swin en Dollen

15 jun 2006 - 06:24

Yn Harich is woansdei in yntinsjeferklearing ûndertekene oer it behear en de neisoarch fan it natuergebiet It Swin en De Dollen, dat tusken Balk en Ealahuzen leit. De ferklearing is tekene troch LTO Noord, Steatboskbehear en Wetterskip Fryslân.

De partijen ha ôfspraken makke oer de ynfolling fan it natuergebiet. It Swin en De Dollen sil ynrjochte wurde foar de ûntwikkeling fan wiete natoer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)