Strân Skylge skjin as sûker

© Omrop Fryslân
It strân fan Skylge is miskien wol it skjinste strân op dit stuit yn Nederlân. Twa dagen lang hat der in grutte skjinmakaksje wêst, om't der troch de oanhâldende noardwestewyn de lêste wiken in soad smoargens oanspield is. It gie om grutte stikken, lykas fiskkisten, hout en netten.
Oer in pear wiken sille twahûndert skoalbern noch in ronde meitsje om ek it lytsere smoargens op te rêden.