Arriva: taksy Skier moat ophâlde

14 jun 2006 - 17:08

Taksybedriuw Boersma op Skiermûntseach moat per direkt ophâlde mei it oanbieden fan iepenbier ferfier op it eilân. Dat easket ferfiersbedriuw Arriva foar de rjochtbank yn Ljouwert. Arriva hat sûnt 2000 de eksklusive konsesje foar iepenbier ferfier op Skiermûntseach.

Boersma is him fan gjin kwea bewust en seit dat syn bedriuw allinnich mar besletten busferfier oanbiedt. Oer twa wiken docht de rjochtbank útspraak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)