Guozzen jier langer op boerelân

© Omrop Fryslân
Boeren kinne ek it kommende jier guozzen tsjin fergoeding opfange op harren lân. De provinsje hat dêrfoar de kontrakten mei de belutsen boeren en grûnbesitters mei ien jier ferlingd. De provinsje hie dat leaver foar in langere perioade dien, mar de goedkeuring fan de Europeeske Uny kaam dêrfoar te let.
Yn Fryslân is op it stuit sa'n 30 hektare grûn beskikber foar de opfang fan guozzen.