Nije wenwyk op Skier

14 jun 2006 - 12:13

Der wurdt foar it earst yn jierren wer in folslein nije wenwyk boud op Skiermûntseach. De gemeenteried hat it sport- en eveneminteterrein oan de Easterreewei oanwiisd as lokaasje foar de nijbou. Oant 2010 bout Skier 40 nije wenten, 30 dêrfan komme op dit plak.

Der is op it eilân grut ferlet fan wenten foar de eilanners sels. De gemeente wol besykje de huzen ek fêst te hâlden foar eilanners.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)