Drokke dagen foar spotters

14 jun 2006 - 11:54

Ek in dei nei de oankomst fan it Amerikaanske stuntteam de Blue Angels, wie it by de fleanbasis yn Ljouwert noch hieltyd drok mei spotters. Mei fototastellen, fierrekikers en scanners stiene se klear om al it fleanferkear yn 'e gaten te hâlden.

Benammen de binnenkomst fan it stuntteam fan de Jordaanske luchtmacht luts de oandacht. Ek op in parkearplak by Jelsum wie it drok mei fleantúchfanaten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)