Oppasse foar walibi's op de dyk

14 jun 2006 - 11:28

Ferkear op de N351 tusken Wolvegea en Easterwâlde moat der rekken mei hâlde dat sy in lytse kangoeroe foar de auto krije kinne. Ferline wike wie dat bygelyks it gefal by in automobilist út Ychten.

Der binne de lêste jierren faker ûngelokken mei de lytse kangoeroes op de dyk. Boskwachter Cees van Son fan Steatsboskbehear skat yn dat der op't stuit sa'n tsien oant fyftjin walibi's yn de bosk by Makkingea sitte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)