WK-fans mei boetes de sel yn

© Omrop Fryslân
WK-fans mei achterstallige boetes, binne dizze wike oppakt troch de plysje. Acht minsken dy't harren bekeurings net betelle hawwe, binne fan hûs helle en moatte in ferfangende straf útsitte yn de sel.
It giet om mei elkoar 225 dagen, ien man moat selfs 130 dagen sitte. De aksje fûn moandei plak yn Snits, Boalsert, Hearrenfean en Lemmer. De plysje hat bewust de tiid fan it WK yn Dútslan keazen foar dizze aksje.