Rentree Van Gelder yn Fryslân

14 jun 2006 - 10:21

Wrâldkampioen Yuri van Gelder makket ynkoarten syn rentree yn de turnwrâld op It Hearrenfean. De Brabantse ringspesjalist sil op 25 juny meidwaan oan it Nederlânsk Kampioenskip dêr.

Van Gelder luts him ein april werom foar it Europeesk kampioenskip yn Grikelân. Hy wie te wurch. Van Gelder turnde syn lêste wedstriid op 25 maart. Van Gelder is yn tarieding op de wrâldtitelstriid yn oktober yn Aarhus Denemarken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)