Ferset tsjin ferdwinen antennes

© Omrop Fryslân
Minsken mei in âlde tillevyzje-antenne op it dak moatte foarearst Nederlân 1, 2 en 3 plus Omrop Fryslân sjen bliuwe kinne. Dat fynt CDA-twadde keamerlid Joop Atsma fan Surhústerfean.
De Twadde Keamer praat woansdei oer it kabinetsfoarnimmen om mei yngong fan 1 oktober op te hâlden mei it trochjaan fan tillevyzje-signalen op dy manier. Foar minsken yn it bûtengebiet hat dat as gefolch dat sy de publike omroppen net mear ûntfange kinne.