Brân hat gefolgen foar bands

14 jun 2006 - 09:48

De brân by de Muzykfabryk op It Hearrenfean soarget foar problemen foar bands yn de wide omkriten. De muzykfabryk wie eins it iennige plak om te oefenjen.

Yn de muzykfabryk wiene trije fêste oefenromtes dy't eins altyd fol sieten. Nei de grutte brân fan tiisdeitemoarn liket it derop dat de oefenromtes net mear iepen geane. De gemeente moat soargje foar ferfanging, fine de bands.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)