Opskuor troch slang yn Grou

© Omrop Fryslân
In slang hat yn Grou soarge foar frijwat opskuor. It bist lei yn in tún by in wenhûs oan 'e Earste Oosterveldstrjitte. Tocht waard dat it om in gefaarlik boa konstriktor gie. Dêrom waard it reptyl oerbrocht nei in biste-opfang yn Marsum.
De AID hat de slang besjoen en it blykt no in Lintheimer's Rattenslange te wêzen. Dy soart is net beskerme. De eigner kin it bist ophelje by de opfang yn Marsum.