Oplieding ta luchtmachtmeiwurker

13 jun 2006 - 21:50

ROC Friese Poort sil jongeren opliede ta grûnmeiwurker by de luchtmacht. De skoalle start dêrta mei de nije oplieding mechatronica. Dy bestiet út fakken dy't te krijen hawwe mei werktúchboukunde en elektrotechnyk. De learlingen moatte wurkje en leare tagelyk.

De luchtmacht sil de nije oplieding dit wykein promoatsje op de iepen dagen fan 'e Fleanbasis Ljouwert. Yn septimber begjint de nije oplieding.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)