Kraan sakket yn bouput akwadukt

13 jun 2006 - 17:18

In kraan is tiisdei yn in bouput fan it akwadukt Galamadammen by Koudum sakke. De kraan hat in ekstra lange earm fan 24 meter. De masine wie in tagongsdyk oan it graven en stie op de eardere haven fan hotel Galamadammen. Dy is folstoarten mei sân, mar de ûndergrûn wie net stabyl genôch en de kraan sakke fuort. In oare kraan moat it fuortsakke eksimplaar no rêde. It wurk oan it akwadukt rint gjin fertraging op.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)