Brêgen wiethâlde tsjin waarmte

13 jun 2006 - 16:45

De waarmte jout problemen mei de brêgen yn Ljouwert. It metaal set út en dêrtroch komt de boel klem te sitten. De Verlaatsbrêge wie moandei in skoft stremd. Ferline jier wiene der swierrichheden by de Drachtsterbrêge. Ek de Slauerhoffbrêge yn de Fryske haadstêd stiet bekend om problemen mei de waarmte.

Ut foarsoarch hâlde meiwurkers fan de gemeente de brêgedekken wiet mei wetterslangen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)