Brân yn Burgumer Sintrale

13 jun 2006 - 16:40

By de Burgumer elektrisiteitssintrale Electrabel hat tiisdeitemoarn betiid brân west. Dat wie yn in travostasjon nei it netwurk ta. De brânwacht fan Burgum hie de brân gau ûnder kontrôle. De travo wurdt noch ûndersocht, it netwurk is wer frijjûn.

Der is gjinien ferwûne rekke by de brân. De omfang fan de skea is noch net bekend. De konsumint hat gjin hinder ûnderfûn fan de brân yn de sintrale.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)