Kassarôf yn Dokkum

13 jun 2006 - 14:16

Yn winkel oan De Syl yn Dokkum is moandei oan 'e ein fan de middei in flink jildbedrach út 'e kassa stellen. Twa manlju wiene om in oere of fiif yn de winkel kommen. Ien fan har hâlde de ferkeapster oan 'e praat en de oare helle doe it jild út de kassa.

De manlju wiene tusken de 20 en 25 jier âld. De iene hie in knalread fuotbalshirt oan, de oare in donkerblau oerhimd. De plysje docht noch fierder ûndersyk yn dizze saak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)