Mear ûndersyk sarkofagen Boksum

© Omrop Fryslân
Argeologen sille dizze wike sykje nei noch mear sarkofagen op it tsjerkhôf fan Boksum. It ôfrûne healjier binne by tafal al twa fan sokke stiennen deadskisten fûn, en yn 2002 wie der alris ien ûntdutsen.
De sarkofagen binne mooglik hast tûzen jier âld. De provinsje jout no opdracht om fierder te sjen en alles te dokumintearjen. It is neffens de provinsje hiel goed mooglik dat der mear sarkofagen binne.