Sindelinge Beimers ferstoarn

© Omrop Fryslân
De Fryske sindelinge Tryntsje Beimers is op 84-jierrige leeftyd ferstoarn yn Kilangala yn Tanzania. Se hie sûkersykte. Beimers kaam oarspronlik út Sint Anne. Se is ien fan de bekendste sindelingen fan Fryslân.
Yn 1953 begûn Beimers mei har wurk yn Afrika. Se hat ferskate sikehûzen en weeshûzen oprjochte en trije sindingsposten stichte. Tryntsje Beimers wurdt yn Tanzania te hôf brocht.