Mooglik oerlêst by Wommels

© Omrop Fryslân
It ôfgraven fan fersmoarge grûn oan it Hofkamp yn Wommels sil mooglik foar oerlêst soargje yn it bûtengebiet fan it doarp. Ein juny begjint de sanearing. Goed 200 frachtauto's fol mei fersmoarge grûn moatte dêrfoar oer de bûtendiken hinne.
De gemeente hat der bewust foar keazen om de ôffier net oer it doarp te dwaan, mar de saneamde súdhoeke. Dêr binne de diken lykwols frij smel, sadat der skea oan de bermen ûntstiet.