Aksje foar jonge flechtelingen

© Omrop Fryslân
It Frysk Platfoarm Flechtlingen Wolkom makket him grutte soargen oer de tanimmende problemen fan benammen jonge asylsikers. Spesjaal foar dizze groep wûrdt op 20 juny, de Dei fan de Flechteling, yn Ljouwert in manifestaasje hâlden.
Yn de Grutte Tsjerke wurde jûns ferhalen ferteld oer jonge asylsikers dy't yn frjemdelingedeteensje sitte en net mear by harren famylje ferbliuwe.