Ynternetbankiere kin wer folop

© Omrop Fryslân
Alle achttjintûzen klanten fan it ynternetbankieren fan de Friesland Bank meie wer ynlogge op it systeem. Dat skriuwt de bank yn in brief dy't moandei ferstjoerd is.
Neffens wurdfierder Noteboom fan de bank ha der ôfrûne wike gjin steurings mear west by it ynternetbankieren. Oant no ta ha mar 5000 klanten it systeem wer brûkt. Sy mochten in wike lyn wer gebrûkmeitsje fan it systeem, nei in steuring fan sawat twa wiken.