Oername metaalbedriuw FIB

13 jun 2006 - 10:47

It metaalbedriuw FIB yn Ljouwert wurdt troch memmebedriuw GTI ferkocht oan de RijndijkGroep yn Eindhoven. Dat is in kluster fan metaalbedriuwen út Eindhoven.

FIB hâldt him dwaande mei de produksje fan biertanks en oare heechweardige apparaten fan rustfrijmetaal. By it bedriuw wurkje sa'n 200 minsken. De fakbûnen binne frij posityf oer de oername.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)