Papier ophelje mei hûskonteners

© Omrop Fryslân
It kolleezje fan Achtkarspelen wol tenei it âld papier ophelje mei minikonteners. De ynstellings dy't no noch it papier ynsammelje, krije dan in folsleine kompinsaasje.
It plan fan de gemeente giet allinnich troch as der genôch frijwilligers fûn wurde dy't mei de minikonteners wurkje wolle. De papierynsammeling is al earder bepraat yn Achtkarspelen en soarge earder foar in soad opskuor.