'Ynrjochting foar jeugd iepenje'

© Omrop Fryslân
Der moat yn Fryslân in healiepen ynrjochting foar jongeren mei gedrachsproblemen komme. De ynstelling moat plak biede oan hûndert jongeren mei gedrachs- en ferslavingsproblemen.
Dat seit foarsitter Anthonio fan Jeugdhulp Friesland. It is no sa dat Jeugdzorg de potinsjele klanten nei ynstellingen as jeudfinzenissen bûten de provinsje stjoert. Dêr sitte se tusken de kriminele jongeren en dat hat in negative ynfloed.