Ronde fan Dútslân nei Fryslân?

© Omrop Fryslân
Der komt mooglik in aksje om de Ronde fan Dútslân yn Fryslân begjinne te litten. De profronde foar hurdfytsers soe neffens wielerbestjoerder en Twadde Keamerlid Joop Atsma hiel goed wêze foar de promoasje fan Fryslân.
Dat lit Fryslân Marketing witte, dat dizze dagen by it WK fuotbal oan Fryslân-promoasje docht. Fryslân Marketing sil mei Atsma sjen wat de mooglikheden binne foar it nei Fryslân heljen fan de profronde.