Fryske hurdfytsers yn de prizen

© Omrop Fryslân
Sierd Steigenga fan Eksmoarre wie sneintemiddei op'e nij de bêste yn in kritearium. Yn Muntendam pakte hy de twadde oerwinning fan dit wykein. Johan Procee fan Burgum waard twadde, Johan Dalstra fan Bûtenpost tredde.
Yn it einklassemint fan it 'OZ Wielerweekend' yn Seelân waard Lieuwe Westra fan Mûnein tsiende yn it einklassemint. De winst nei twa etappes en in tiidrit wie foar Niki Terpstra fan Krommenie.