Koudum wint net-smoke wedstryd

© Omrop Fryslân
Klasse 1k1 fan de Bogermanskoalle yn Koudum hat de wedstryd Actie Tegengif wûn. It giet om in lanlike net-smoke wedstryd. Om te winnen mocht op syn minst 90 persint fan de klasse in heal jier lang net in sigaret opstekke.
De klassen moasten ek in slachsin betinke. Dy fan Koudum kaam mei: 'Als jij die sigaret gaat killen, wil ik wel met jou chillen'. Oan de 'Actie Tegengif' diene hast 3.500 skoallen mei.