Stik Tryater oer de Islam

11 jun 2006 - 14:52

Tryater wol mei it stik 'Op syk nei Mohammed' de Islam op oare wize sjen litte. It is in foarstelling dy't yn fiif wike tiid makke is troch it Dreamlab. It Dreamlab jout jonge teatermakkers de mooglikheid om harsels te ûntwikkeljen yn eigen taal en yn teater.

Yn 'Op syk nei Mohammed' wurdt de profeet oan it publyk foarsteld troch fiif jonge spilers. Sneon en snein binne der noch twa proeffoarstellings.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)